Gearfetting

Wat diene wy yn 2024?

Terug naar navigatie - Wat diene wy yn 2024?

Yn dizze jierstikken sjogge wy werom op 2024, it twadde jier fan it nije bestjoersakkoart.

Understeand stelle wy ferskate ûnderwerpen en projekten oan ‘e oarder dêr’t wy yn 2024 mei sukses oan wurke hawwe, mar ek in tal ûnderwerpen dy’t opûnthâld oprûn hawwe of om in oare reden yn it each springe. Wy slute ôf mei in finansjele kyk op 2024.

Ynfrastruktuer

Terug naar navigatie - Ynfrastruktuer

Yn 2024 binne der wichtige stappen set foar it fierder fuortsterkjen fan it regionale iepenbier ferfier, benammen op it plattelân. Der binne regiogearkomsten organisearre om inisjativen op te heljen út de Mienskip ûnder de namme ‘Fryslân Underweis’. Wy sjogge foar it OV in hege klanttefredenheid yn 2024. Dêrnjonken is de Fryske buskonsesje foar de kommende tsien jier ein 2024 ymplemintearre.

Ferkearsfeilichheid is en bliuwt in wichtich punt fan omtinken. Yn 2024 sjogge wy spitigernôch dat it tal ferkearsûngelokken yn Fryslân likegoed as lanlik omheech gien is. Dy ûntwikkeling is as ynput meinommen foar de nije Yntegrale Fisy Ferkearsfeilichheid 2026-2040.  

Wy fernimme op in tal dossiers dat de prioriteit fan it Ryk op ûnderheid leit en minder op nijbou. Dat laat somtiden ta drege ûnderhannelings en resultaten dy’t Fryslân minder winsklik achtet. Der hawwe meardere petearen west mei it Ryk oer de Lelyline, fiif brêgen oer it Prinses Margrietkanaal, spoarakwadukt Van Harinxmakanaal en de slûs Koarnwertersân, mei as doel mear faasje yn de realisaasje fan dy projekten. Dêrby is relevant dat ek de stikstofproblematyk fan ynfloed is op de fuortgong fan projekten. Dat keart de útfiering op, mei ôfslutings as gefolch en dat komt de lokale en regionale berikberens net te’n goede. Dat jildt ek foar de ûntwikkelingen op de arbeidsmerk en hegere kosten fan materiaal.

Omjouwing

Terug naar navigatie - Omjouwing

Natuer
It wurdt hieltyd dúdliker dat it Natuerpakt net tarikkend is foar de ambysjes oangeande it ferbetterjen en befoarderjen fan de natuer en bioferskaat. Dêr binne meardere petearen mei it Ryk oer fierd oer bygelyks it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en it realisearjen fan natuer yn subsidiearre behear ANLb (foar û.o. doelen oangeande greidefûgelbehear en KRW). Yn 2024 is wurke oan de Natuerdoelanalyzen (NDA’s) om it bioferskaat en de feitlike steat fan de natuer better ynsichtlik te krijen, ynklusyf de oplossings dêrfoar. Njonken it duorsume behâld en behear fan natuergebieten is, mei troch de stikstofproblematyk, in fierdere ynset nedich op maatregels dy’t de natuer ferbetterje.

De Vogel- en Habitatrichtlijn stelt dat wy soarten yn stân hâlde. Dêrnjonken wolle wy as provinsje de skea beheine fan soarten dy’t oerlêst jouwe. Wy sjogge dat de geunstige steat fan ynstânhâlding fan soarten hieltyd faker wringt mei oare (ek finansjele) belangen en doelen dy’t de provinsje hat. In foarbyld dêrfan is de wolf. It tal wolven yn ús regio nimt sterk ta. Dat soarget foar in konstante bangens by bistehâlders likegoed as ús ynwenners. Dêrnjonken sjogge wy dat de guozzepopulaasje sa groeit, dat doelbewust omtinken foar it beheinen fan skea nedich is. It is dêrby sykjen nei balâns yn de ferskate belangen yn relaasje ta de wetlike mooglikheden c.q. beheinings. Yn maart 2024 hawwe Provinsjale Steaten it nije guozzebelied fêststeld, mei as doel om de skea dy’t guozzen feroarsaakje (mear) te beheinen.

Dêrnjonken hawwe wy yn 2024 wichtige stappen set om it tal greidefûgels te fermearderjen. Sa is der yn 2024 fierder wurke oan it robúster meitsjen fan acht greidefûgelkearngebieten yn it ramt fan it Oanfalsplan Skries (greidefûgelplusgebieten). Dat hat resultearre yn in tanimmen fan it tal briedpearen skries: yn 2024 wiene der likernôch 8300 briedpearen.

Lânbou
Yn 2024 is der yntinsyf wurke oan it nije Fryske lânboubelied, dat yn jannewaris 2025 troch Provinsjale Steaten behannele wurde sil. De foarige beliedsbrief wie út 2017 en der is ferlet fan in oanpassing fan it belied.

Mei it nije beliedsbrief stribbet de provinsje, yn ‘e mande mei Fryske boeren, nei in ferskate en takomstbestindige lânbousektor mei in fokus op brede wolfeart. De produksje fan iten stiet sintraal, mar der wurdt mear klam lein op kwalitative groei en ferbreding fan it bedriuwsmodel, wêrby’t boeren ek maatskiplike tsjinsten leverje.

Wetter en boaiem (grûn)
In sûne grûn, skjin en foldwaande swiet wetter en in feilich wettersysteem binne fan grut belang foar de hjoeddeistige en takomstige brede wolfeart fan Fryslân. Klimatologyske en sosjaalekonomyske ûntjouwings sette it Fryske wetter- en boaiemsysteem ûnder druk. Sa soarge in kombinaasje fan lang oanhâldende rein, meardere stoarmen, beheinde spuimooglikheden en hege rivierôffieren foar ekstreem hege wetterstannen yn de regio Iselmargebiet, begjin 2024. It ûnderstreke namste mear it belang fan adekwaat wetterbehear en lange termyn tinken.

Yn 2024 wurken wy fierder oan in klimaatrobúste provinsje, wêryn’t wy twingender rekken hâlde mei de natuerlike skaaimerken fan ús wetter- en boaiemsysteem by ús romtlike karren. Dat diene wy ûnder oare troch it útfieren fan ús (ynter)nasjonale wetlike taken. Wy wurken oan de Kaderrichtlijn Water, de útfiering fan ús Regionaal Wetterprogramma 2022 – 2027 en it ûntwikkeljen fan de Fryske Boaiemaginda.

Feangreide
Yn it ramt fan it FPLG is troch it Ryk € 45,7 miljoen takend foar de útfiering fan it maatregelpakket Klimaat-Feangreide. Ek wurdt der gebrûk makke fan de mooglikheden fan it nije Mienskiplik Lânboubelied (Gearwurkingsmaatregel Feangreide en de net-grûnôfhinklike maatregels). Fierder is de beskikking foar de middels fan it Groeifûns foar Ynnovaasjepolder Hegewarren en Akkrumer Goedland troch it Ryk ôfjûn.

Der is folop ynset op de fundearringsoanpak, hoewol’t der beheind minskkrêft beskikber is. It is pionierje; de wenningeigener stiet sintraal. Fryslân wurdt lanlik as koprinner foar it lanlik gebiet sjoen. It Fundearringsloket foar wenningeigeners is begjin 2024 iepene (help by ynformaasje, fundearringsûndersyk en -opknapplan en psychososjale help). Subsydzjeregeling fundearringsûndersyk is yn jannewaris 2024 iepensteld (ynkl. it frijskatten fan eigen bydrage). Maatwurkbegelieding en it ôfhanneljen fan it grutste part fan de Koade Read-gefallen. De lobby rjochting ryk foar de Nasjonale Fundearringsoanpak is suksesfol.

Enerzjytransysje
Der is fuortgong boekt yn de gearwurking mei gemeenten en bedriuwen om de enerzjytransysje fierder stal te jaan. Sa is yn 2024 de Enerzjyfisy fêststeld. De Enerzjyfisy is in boustien foar de Provinsjale Omjouwingsfisy en lit sjen dat wy oant 2050 noch in stevige opjefte hawwe.

Ekonomy

Terug naar navigatie - Ekonomy

Wy wurkje oan ien ekonomyske aginda foar Fryslân. Oan in skjin, lokkich en sûn Fryslân. Wy hawwe yn 2024 ús beliedsbrief Ekonomy fernijd: fierder gean op de koers dy’t mei bedriuwen, ûnderwiis en gemeenten ynset is. Krekt as mei it ûnderwiisakkoart. Wy sette yn op seis spearpunten mei de byhearrende kampussen: agrofood, wettertechnology, sirkulêre op ‘en nij te brûken materialen, heechweardige systemen en materialen, maritime technology en de gastfrijheidssektor. Dêryn stypje wy fernijings en it oanlûken fan bedriuwen. Spesifyk yn de gastfrijheidssektor sjogge wy in ferheging fan it tal ferbliuwsgasten ferlike mei it foargeande jier. Binnenlânsk likegoed as ynkommend toerisme droegen by oan dy groei. Oanslutend op ús belied foar it Ryk en Europa is it beliedsbrief Europa en de aginda foar ekonomyske gearwurking mei Dútslân opsteld.

Mienskip

Terug naar navigatie - Mienskip

Leefberens
Yn 2024 hat de provinsje Fryslân him fierder ynset om de leefberens yn doarpen en stêden te behâlden en fuort te sterkjen. De resultaten lizze wat dat oanbelanget op koers. It Iepen Mienskipsfûns is begjin 2024 fêststeld. Yn dat jier hawwe 138 projekten subsydzje krige om in bydrage te leverjen oan de leefberens en binne 35 mienskipsgebouwen mei help fan provinsjale subsydzje út it IMF duorsumer makke. Yn de trije Leadergebieten (regio’s Súdeast-, Súdwest- en Noardwest-Fryslân) binne mei-inoar 47 oanfragen yntsjinne. Dêrfan koene 20 oanfragen honorearre wurde.

Wenje/RO
De ymplemintaasje fan de Omgevingswet (1-1-2024) hat yn 2024 in soad omtinken krige. Gemeenten hawwe harren omjouwingstafels stal jûn en de provinsje spilet dêr in aktive rol yn. Dêrnjonken is yn 2024 it proses fan de werhifking fan de Provinsjale Omjouwingsfisy (POVI) úteinset. De nije Omjouwingsfisy is it oerkoepeljend beliedsramt dêr’t in yntegrale ôfwaging yn makke wurdt oer de ferdieling en ynrjochting fan de Fryske romte.
Op it mêd fan wenjen binne der, yn gearwurking mei de Fryske gemeenten, tariedings makke foar it werhifkjen fan de wendeals. Tagelyk is der foarútrûn op it opstellen fan it Frysk Wenplan, it Fryske folkshúsfêstingsprogramma. Dêrtroch kin begjin 2025 úteinset wurde mei sawol de werhifking fan de wendeals as it Frysk Wenplan.

Sport
Yn juny 2024 is it nije Beliedsbrief Sport ‘Fryslân yn beweging: elkenien docht mei’ troch Provinsjale Steaten fêststeld. De ynfalshoeke fan it nije beliedsbrief is dat yn 2040 op syn minst trijefearns fan alle Friezen foldwaande beweecht. De provinsje ynvestearret yn de kommende fjouwer jier hast € 7,5 miljoen yn Fryske sporten, breedtesport en topsport.
Dêrnjonken hawwe wy yn 2024 fia ferskate subsydzjes en subsydzjeregelingen de sport yn ús provinsje in ympuls jûn. Dêrmei waarden ûnder oare Fryske sporten en grutskalige sporteveneminten stipe.

Kultuer
Yn 2024 hawwe wy ek wer yn de kulturele sektor ynvestearre. Dat hawwe wy ûnder oare dien troch de subsydzjeregelingen fan de âlde kultuernota mei in jier te ferlingjen. Dêrtroch binne der bygelyks 25 projekten fia de Stimulearringsregeling Kultuer subsidiearre. Dêrnjonken is mids 2024 de kultuernota  ‘Tosken yn in nije tiid’ fêststeld, wêrmei’t wy yn de jierren 2025-2028 mear as € 52 miljoen yn de Fryske kultuersektor ynvestearje. 

Taal
Yn april 2024 is de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar de perioade 2024-2028 ûndertekene. In ôfspraak mei mear ambysje op it mêd fan de Fryske taal. It Ryk stelt mei-inoar € 18 miljoen beskikber om de ôfspraken út te fieren. Dêrnei is yn juny 2024 de Taalnota Fansels Frysk troch Provinsjale Steaten fêststeld.

Bedriuwsfiering

Terug naar navigatie - Bedriuwsfiering

Organisaasjeûntwikkeling
De amtlike organisaasje wurket sûnt 2024 neffens in nij organisaasjemodel om him maklik oan takomstige opjeften oanpasse te kinnen. Yn de útfierde 0-mjitting is in dúdlik sinjaal nei foaren kommen fan meiwurkers dat de ymplemintaasje fan de feroarjende manier fan wurkjen noch net oeral goed ferrûn is. Dat hat weardefolle ynsichten oplevere foar ferbettering en it management is dêroer mei alle teams yn de organisaasje yn petear.

Digitalisearring
Yn 2024 hawwe wy konkrete suksessen berikt mei digitale ynnovaasjes, lykas AI foar natuermonitoaring en in provinsje-brede datastrategy. De útfierde digisken jout rjochting oan de ûntwikkeling fan digitale feardichheden. Tagelyk hat analyze oantoand dat wy it fûnemint foar duorsume digitalisearring fierder ferstevigje moatte. Wy hawwe de fersterkings dy’t nedich binne yn kaart brocht en wurkje dy út yn ynvestearrings spesifyk foar dat doel.

Algemiene dekkingsmiddels

Terug naar navigatie - Algemiene dekkingsmiddels

De mearjierrenbegrutting is oant en mei 2030 slutend. It struktureel begruttingssaldo is € 2,5 mln. (stân begrutting 2025).

It frij te besteegjen part fan de frij te brûken reserve (VAR) bedraacht oan’e ein fan dizze koälysjeperioade € 80,9 mln.. Dit binne middels foar ien kear.

Finânsjes

Terug naar navigatie - Finânsjes

Nei mutaasjes reserves bedrage de totale baten oer 2024 € 653,7 mln. en de totale lêsten € 577,9 mln.. Yn de ûndersteande tabellen stiet hoe’t de baten en lêsten opboud binne.

Baten

Ynkomsten Bedraggen x € 1.000
Opsinten motorreaubelesting 78.502
Utkearing provinsjefûns 308.555
Dividinten 24.004
Untfongen rinte 21.977
Oare algemiene dekkingsmiddels 48.463
Oare baten 44.366
Ut'e reserves helle 127.846
Totaal 653.713

Lêsten

As provinsje jouwe wy middels út foar de útfiering fan ferskate taken en aktiviteiten. Foar in part binne dat wetlike taken, lykas op it mêd fan Ferkear en Ferfier, Miljeu, Natuer en Fryske taal. Wy ynvestearje dêrnjonken ek yn ‘autonome taken' lykas bygelyks Ekonomy, Leefberens en Sport. Wy hawwe dat yn de provinsjale begrutting yn ûndersteande programma’s ferdield. Yn 2024 hat de útfiering fan ús belied laat ta ûndersteande lêsten: 

Lêsten Bedraggen x € 1.000
Bestjoer 23.630
Ynfrastruktuer 136.519
Natuer en Lânbou 109.514
Romte en Klimaat 41.510
Ekonomy en Mienskip 80.642
Bedriuwsfiering 89.266
Provinsjefinânsjes 14.939
Foarming reserve 81.862
Totaal 577.882

Jierrekkenresultaat

Ut de boppesteande tabellen docht bliken dat de baten heger binne as de lêsten. Nei mutaasjes reserves binne de totale lêsten oer 2024 €  577,9  mln.  en de totale baten € 653,7 mln.. Dêrmei slút de jierrekken mei in posityf resultaat fan € 75,8 mln..
Fan dit resultaat wie € 58,4 mln. al rûsd yn de begrutting. De ôfwiking by de jierrekken is dêrmei € 17,4 mln.

Wy stelle út om mei-inoar €  8,3 mln. fia resultaatbestimming beskikber te stellen foar it neisoarchfûns en foar de reserve yndirekte útfieringskosen NPLG. As de útstelde € 8,3 mln. ynset wurdt, dan bedraacht de stân fan de VAR oan de ein fan de begruttingsperioade (2027) € 68,6 mln.