Wat diene wy yn 2025?

Terug naar navigatie - Gearfetting - Wat diene wy yn 2025?

Gearfetting jierstikken 2025

Yn 2025 hat de provinsje Fryslân wurke oan it útfieren fan it bestjoersakkoart en it realisearjen fan wichtige maatskiplike opjeften. It jier stie yn it teken fan it ûnderhâlden en ferbetterjen fan de ynfrastruktuer, it meitsjen fan nije karren foar lânbou en natuer, it ferhastigjen fan de wenningbou en it fuortsterkjen fan ekonomy, kultuer en leefberens.

Der binne konkrete stappen set rjochting duorsume mobiliteit, in takomstbestindige lânbou, natuerferbettering en klimaatadaptaasje. Tagelyk stie de útfiering op inkele mêden ûnder druk troch ûnder oare netkongestje, stikstofproblematyk en romtlike krapte. Yn 2025 binne dêrnjonken wichtige besluten nommen dy’t oan de kommende jierren rjochting jouwe.

Yn dizze gearfetting wurde de wichtichste realisearre resultaten en meast opfallende ûntwikkelingen fan 2025 op haadlinen taljochte.

Ynfrastuktuer

Terug naar navigatie - Gearfetting - Ynfrastuktuer

Ynfrastruktuer en mobiliteit
Op it mêd fan ynfrastruktuer stie it ûnderhâld op it ôfsprutsen nivo. Der is fierder wurke oan in duorsume mobiliteit dy’t foar elkenien tagonklik wêze moat. It tal ferkearsûngelokken naam ta, mar mei it fêststellen fan de Yntegrale Fisy Ferkearsfeilichheid 2026-2034 is in nije oanpak ynset om dat werom te bringen. It earste folsleine jier fan de nije buskonsesje ferrûn goed, mei in hege klanttefredenheid. Ek op it spoar buorken projekten lykas stasjon Ljouwert Middelsee en de ymplemintaasje fan ERTMS foarút.

Natuer en Lânbou

Terug naar navigatie - Gearfetting - Natuer en Lânbou

Lânbou
Yn 2025 is de nije beliedsbrief “Noflik Buorkje yn Fryslân” fêststeld. Dêrmei is in op ‘e takomst rjochte en duorsum plan foar de Fryske agraryske sektor dellein. De produksje fan iten bliuwt sintraal stean, mei mear klam op kwalitative groei, brede wolfeart en it leverjen fan maatskiplike tsjinsten. De provinsje set yn op in goede boaiemkwaliteit, in sûne dong- en itenssirkelgong en it behâld fan lânbougrûn.

Natuer
Wy stiene yn 2025 noed foar de Fryske natuer troch de wei fan behear- en ferbettermaatregels. Benammen yn stikstofgefoelige Natura2000-gebieten is wurke oan it ferminderjen fan stikstof, it fuortsterkjen fan de natuer en it ferbetterjen fan de monitoaring. It greidefûgelbelied is evaluearre en fierder útfierd, ûnder oare fia it Oanfalsplan Skries en it LIFE-projekt foar greidefûgels.

Romte en Klimaat

Terug naar navigatie - Gearfetting - Romte en Klimaat

Romte en wenjen
Op it mêd fan romte en wenjen is de Provinsjale Omjouwingsfisy (POVI) fierder ûntwikkele, mei ynbring fan gemeenten, Wetterskip Fryslân en ynwenners. De Fryske Wendeal is útwreide fan 17.700 nei 22.406 wenten. Mei it buro ‘Bouwe foar Fryslân’ is de bou fan wenten yn lytse doarpen stipe. Dêrnjonken is it Frysk Wenplan taret, mei ûndersyk nei it ferlet fan wenten en in startnotysje. Tagelyk is wurke oan de Omjouwingsferoardering, mei omtinken foar ûnder oare stiltegebieten, guozzeskeabestriding en lytsskalige rekreaasje.

Wetter, boaiem en miljeu
Wetter, boaiem en miljeu bleauwen wichtige tema’s. Der is wurke oan in klimaatrobúste provinsje en oan de útfiering fan de Kaderrichtlijn Water en it Regionaal Waterprogramma. De taken op it mêd fan fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening (VTH) binne fuortsterke om in feilich, duorsum en sûn libbensfermidden te garandearjen.

Enerzjy
De enerzjytransysje freget ek yn 2025 in soad omtinken.  Fertragings troch netkongestje en grutte Ryksprojekten meitsje in brede ôfwaging needsaaklik. It provinsjale enerzjyfûns ‘Fûns Skjinne Fryske Enerzjy’ bliuwt oant 2034 ta beskikber. Dêrnjonken is de Fryske Enerzjytafel op ‘en nij hifke om de gearwurking mei gemeenten en oare partners te ferbetterjen.

Ekonomy en Mienskip

Terug naar navigatie - Gearfetting - Ekonomy en Mienskip

Ekonomy en toerisme
Op ekonomysk mêd set Fryslân yn op brede wolfeart, sirkulêre ekonomy en wettertechnology. Ynnovaasjeklusters, lykas Drachten, wurde fierder mei oare regio’s ferbûn. Toerisme wurdt hieltyd faker ynset as middel om de regio duorsum fuort te sterkjen. Fryslân wurket dêrnjonken aktyf gear mei Dútslân en Europeeske partners om kennis en ekonomy te ferbinen.

Kultuer en taal
Kultuer en taal hawwe in ympuls krige troch doelfêste subsydzjes en nije inisjativen, lykas it Frysk Filmfûns. Dêrmei is yn de fuortsterking en sichtberens fan de Fryske taal en kultuer ynvestearre. Ek yn it ûnderwiis binne wichtige stappen set, ûnder oare mei de ûntwikkeling fan nije kearndoelen Frysk en de ynrjochting fan it praktoraat Frysk en Meartaligens yn it mbû.

Leefberens
Leefberens bleau heech op ‘e wurklist. It nije leefberensbelied is fêststeld en it stipenetwurk Stipe is losgien om maatskiplike inisjativen better te stypjen. Yn sport waard it 50-meter swimbad De Welle yn Drachten iepene foar breedtesport, talintûntwikkeling en topsport.

Bedriuwsfiering

Terug naar navigatie - Gearfetting - Bedriuwsfiering

Organisaasje en finânsjes
Yn de organisaasje is fierder wurke oan fleksibiliteit, resultaatstjoering en digitalisearring. De digitale feardichheden fan meiwurkers binne fuortsterke en it ynfieringsplan foar in enerzjyneutrale organisaasje is klear. Finansjeel bliuwt de provinsje sûn. De mearjierrebegrutting oant 2030 is slutend en de beskikbere reserves binne foldwaande om beliedsprioriteiten en takomstige opjeften te stypjen.

Algemiene dekkingsmiddels

Terug naar navigatie - Gearfetting - Algemiene dekkingsmiddels

Finânsjes

Terug naar navigatie - Gearfetting - Finânsjes
Ynkomsten
Bedraggen x € 1.000,-
Opsinten motorreaubelesting
80.327
Utkearing provinsjefûns
314.169
Tydlike ynkommensoerdrachten Ryk (û.o. SPUKS)
27.663
Tydlike subsydzje fan GR
11.217
Tydlike subsydzje fan oare oerheden
4.025
Dividinten
22.361
Untfongen rinte
19.087
Oare algemiene dekkingsmiddels
3.568
Oare baten
30.814
Ut'e reserves helle
108.455
Totaal
621.686

Lêsten

Terug naar navigatie - Gearfetting - Lêsten

As provinsje jouwe wy middels út foar de útfiering fan ûnderskate taken en aktiviteiten. Foar in part binne dat wetlike taken, lykas op it mêd fan Ferkear en Ferfier, Miljeu, Natuer en Fryske Taal. Wy ynvestearje dêrnjonken ek yn ‘autonome taken’ lykas bygelyks Ekonomy, Leefberens en Sport. Wy hawwe dat yn de provinsjale begrutting yn ûndersteande programma’s ferdield. Yn 2025 hat de útfiering fan ús belied ta ûndersteande lêsten laat:

Lêsten
Bedraggen x € 1.000,-
Bestjoer
24.892
Ynfrastruktuer
126.290
Natuer en Lânbou
121.150
Romte en Klimaat
34.838
Ekonomy en Mienskip
82.557
Bedriuwsfiering
54.837
Provinsjefinânsjes
5.475
Unfoarsjoen en overhead
39.806
Foarming reserve
70.247
Totaal
560.092

Jierrekkenresultaat

Terug naar navigatie - Gearfetting - Jierrekkenresultaat

Ut de boppesteande tabellen docht bliken dat de baten heger binne as de lêsten. Nei mutaasjes reserves bedrage de totale lêsten oer 2025 € 560,1 miljoen en de totale baten € 621,7 miljoen. Dêrmei slút de jierrekken mei in posityf resultaat fan € 61,6 miljoen. Fan dat resultaat wie € 48,8 miljoen al rûsd yn de begrutting. De ôfwiking by de jierrekken bedraacht dêrmei € 12,8 miljoen.

Wy stelle foar om mei-inoar € 1,13 miljoen fia resultaatbestimming foar Grutte Maatskiplike Inisjativen en Keningsdei Dokkum 2026 beskikber te stellen. As de foarstelde € 1,13 miljoen ynset wurdt, dan bedraacht de stân fan de VAR oan de ein fan de begruttingsperioade (2027) € 247,3 miljoen.